Wet gebruik Friese taal

Reactie

Naam M Benedictus
Plaats Grins
Datum 29 april 2011

Vraag1

Wij ontvangen graag uw reactie op het voorstel.
It útstel sa as it der no leit soe yn de foarm fan in kaderwet it beste wêze. Artikel 2 neamt al dat der periodyk ôfspraken makke wurde moatte tusken it Ryk en de provinsje, yn it gefal fan in kaderwet kin der ek yn in letter stadium oare wetjouwing oan taheakke wurde. Der moat in konkrete ôfspraak komme oer wat dit wurd “periodiek” yn Artikel 2 no krekt ynhâldt.
Yn de Artikelen 4 oant en mei 6 wurdt wol hiel faak it wurd “kunnen” brûkt. Op dizze wize is it hiel frijbliuwend. It kin wol wat konkreter: As de sintrale oerheid mei in wurkterrein dwaande is dat oer de provinsje giet dan moat dizze seker regels opstelle oangeande it gebrûk fan it Frysk yn de stikken, dan moat der seker in beliedsplan oangeande it gebrûk fan it Frysk opsteld wurde. Itselde jildt foar de yn Artikel 4 en 5 neamde bestjoersorganen.
Yn Artikel 7 moat dúdliker formulearre wurde dat de stikken yn prinsipe earst yn it Frysk skreaun wurde sille, en as der behoefte oan is, dan pas ék yn it Hollânsk.

It gebrûk fan it Frysk yn it rjochtsferkear:
Yn dizze Artikelen wurdt dúdlik fêstlein wat de rjochten binne dy’t jo hawwe yn de mûnlinge foarm, op de rjochtbank sels. Mar hoe sit it mei de sichtberens fan it gebrûk fan it Frysk op de rjochtbank. Buorden mei de namme fan de rjochtbank soene twatalich wêze moatte: Rechtbank/Rjochtbank.
Sa ek mei de plysje. Politie Fryslân soe ek de namme plysje Fryslân drage moatte.
Dit jout ek by it publyk oan dat der eat feroare is, dat it Frysk lykweardich is en dat jo net skrúten hoege te wêzen it Frysk te brûken by gerjochtelike prosedueres.

It wetsfoarstel hat net in protte omtinken oan Fryske taalgebieden bûten Fryslân, bygelyks oer de grins mei Grins.

Fierder wurdt yn Artikel 21 sein dat de Rie foar de Fryske taal beneamd wurdt troch de minister. Logysker/better soe wêze as hja troch de Provinsje, troch deputearre steaten, beneamd wurde.

Yn dit hiele wetsfoarstel wurdt neat sein oer it gebrûk fan it Frysk yn it ûnderwiis. Moatte hjirre gjin konkrete foarstelle oer makke wurde? It Frysk stiet of falt by de jeugd, en der is in hiele grutte romte foar ferbettering yn it Frysk ûnderwiis. Der moatte finansjele ôfspraken makke wurde, ôfspraken oer wa’t de ferantwurdlikheid hat, ôfspraken oer hokker doelstellings der wêze moatte.
Yn it ferline binne wol faker wetten oannaam, ôfspraken makke, mar it giet al 100 jier lang net sa ideaal as it kinne soe. It kin allegearre wol wat konkreter.

Marije Benedictus
Genêskunde studint