Wet gebruik Friese taal

Reactie

Naam Afûk (Directeur K. Eekma)
Plaats Ljouwert
Datum 21 april 2011

Vraag1

Wij ontvangen graag uw reactie op het voorstel.
Reaksje Afûk op wetsútstel “Wet gebrûk Fryske taal”

De Afûk is de organisaasje dy’t him dwaande hâldt mei it befoarderjen fan it brûken fan de Fryske taal troch ûnder oare it organisearjen fan kursussen, it útjaan fan learmiddels en it fersoargjen fan oersettings. Wy binne wiis mei it nije wetsútstel “Wet gebruik Friese taal”, om’t de ymplemintaasje fan de ferplichtings yn it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen en de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer dêr in wetlik ramt mei kriget. Wy achtsje it ek in goed ding dat it Konsultatyf Orgaan wetlik ferankere wurdt yn in “Ried foar de Fryske taal”. Yn ús reaksje wolle wy fierder benammen yngean op it brûken fan it Frysk yn it rjochtsferkear en de rol dy’t ús organisaasje dêryn spilet.

De Afûk achtet it tige wichtich dat it brûken fan it Frysk yn de rjochtseal befoardere wurdt. Kliïnten hawwe der baat by dat hja yn in foar har meastentiids emosjonele setting de taal brûke kinne dêr’t hja har it bêste yn útdrukke kinne. Oant no ta wurdt der noch te min gebrûk makke fan it rjocht om Frysk te praten. Om dat te befoarderjen is it nedich dat kliïnten fan tefoaren goed ynformearre wurde en de rjochter oan it begjin fan de sitting eksplisyt freget oft de kliïnt de Fryske taal brûke wol. It soe noch better wêze as de rjochter sels it Frysk ek aktyf brûkt, om foar te kommen dat de kliïnten har ferbrekke om gjin negative yndruk te meitsjen. De Afûk fersoarget al jierrenlang kursussen Frysk yn it rjochtsferkear en wol syn oanbod graach nochris ûnder de oandacht bringe.

Dêrneist bestiet der de mooglikheid om tolken yn te skeakeljen. Op dit stuit is der ien beëdige tolk foar it Frysk beskikber. Wy binne yn petear mei it “Bureau beëdigde tolken en vertalers”om de sertifisearring foar tolken te regeljen. Der moat op koarte termyn in “pool” fan Fryske tolken komme dy’t op ôfrop by in sitting ynskeakele wurde kin. Yn dat ferbân is it in goed ding dat de beheinende eleminten út de “Wet Friese taal in het rechtsverkeer (1995)” skrast wurde.

Ljouwert, april 2011

Drs. K.J. Eekma,
direkteur