Wet gebruik Friese taal

Reactie

Naam H. Visser
Plaats Grins
Datum 18 maart 2011

Vraag1

Wij ontvangen graag uw reactie op het voorstel.
In goed útstel, wêrmei't we neffens my op de goede wei binne. It liket derop dat de oerheid mei dizze wet wurk makket fan eardere nasjonale en jeropeeske tasizzingen en ferdragen.

Ik fyn it spitich dat in oantal fan de minsken dy't foar my op dizze konsultaasje reagearre hawwe, fan miening binne en bliuwe dat it hollânsk de iennichste taal heart te wêzen yn Fryslân. Noch frjemder is it dat sy dit keppelje wolle oan aktuele tema's as yntegraasje en soksawat. Bytsje nuver, is't net sa?

Spitich is it fierder dat de Minister, sjoen de Memorie van Toelichting, mient dat foar it berikken fan it doel fan dizze wet ("het recht van een ieder te garanderen om gebruik te maken van zijn
eigen taal") gjin ekstra middels nedich binne. It soe better wêze om yn it foar ynsicht te jaan yn de strukturele kosten dy't dit mei him mei bringt. Mar hawar, de diskusje dêr oer kin letter ek noch fiert wurde.

Koartsein: hulde en gean sa troch!