Wet gebruik Friese taal

Reactie

Naam frou G. Tichelaar- van Wier
Plaats Easterbierrum/Oosterbierum
Datum 5 april 2011

Vraag1

Wij ontvangen graag uw reactie op het voorstel.
Ik bin bliid dat de wet gebrûk Fryske taal der no komt. En it is fijn dat ek de ymplemintaasje fan de ferplichtings yn it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen no yn in wetlik kader set wurde.
De Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer krigest sa in wetlike ferankering.
It soe moai wêze as de nije wet de status fan kaderwet kriget, dêr't nije wetjouwing oan fêst heakke wurde kin. De wet soe eins periodyk (bygelyks eltse 4 jier) op ‘e nij besjoen wurde moatte.
Yn de nije taalwet moat fêstlein wurde dat de Provinsje Fryslân in wetlike taak hat as it giet om it fieren fan belied op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. Der is dêrby sprake fan in mienskiplike ferantwurding fan it Ryk en de Provinsje tegearre, om’t it Ryk de ûndertekener is fan sawol it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen en it Kaderferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden.
De leden fan de Rie foar de Fryske taal moatte nei myn betinken beneamd wurde troch Deputearre Steaten fan de provinsje Fryslân.
Omrop Fryslân hat in spesjale funksje foar de Fryske taal en soe dêrom opnommen wurde moatte yn de wet. Dêr moat dan ek budzjet foaroer stean.
Alle finânsjes moatte dúdlik beskreaun wurde.
It Frysk moat by de oerheden yn Fryslân sichtber wêze, om dúdlik te meitsjen oan it publyk dat der wat feroare is en dat Frysk en Nederlânsk gelykweardige talen binne. Je kinne tinke oan it boerd by de rjochtbank yn Ljouwert (Rechtbank/Rjochtbank) en politie/plysje op de plysje-auto's.
Op it callcenter fan Politie/Plysje Fryslân meie allinnich minsken wurkje dy't it Frysk goed ferstean. En wat yn it Fryks sein wurdt, moat ek yn it Frysk notulearre wurde.
It soe as lêste in goeie saak wêze om fanôf it momint dat de taalwet yngiet ek foar de Stempas/Stimpas in twatalich model te meitsjen dat tenei yn Fryslân foar alle ferkiezings brûkt wurdt.