Wet gebruik Friese taal

Reactie

Naam FNP-Skarsterlân (De hear J. Meester)
Plaats Rottum / De Jouwer
Datum 5 april 2011

Vraag1

Wij ontvangen graag uw reactie op het voorstel.
Achte Minister Donner,

Dizze reaksje is yn it Frysk skreaun fanwege jo oprop dat Friezen faker Frysk brûke moatte yn kontakt mei de oerheid. Sels bin ik mei 25 jier it jongste riedslid yn de gemeente Skarsterlân en probearje ik it brûken fan de Fryske taal sa folle as mooglik te stypjen. Mocht dizze tekst jo swierrichheden opleverje, dan bin ik net te beroerd om in Nederlânske ferzje by te heakjen.

Ik bin der o sa bliid mei dat der in Wet gebrûk Fryske taal komt. Moai dat ek de ymplemintaasje fan de ferplichtings yn it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen no yn in wetlik kader set wurde en dat de Bestjoersôfspraak BFTK nei mear as 20 jier in wetlike ferankering krijt. Foarkommen moat wurde dat besteande wetjouwing ferfalt, foar’t dizze nije “Wet gebrûk Fryske taal” rjochtsjildich is (artikel 37).

Yn de nije wet moat fêstlein wurde dat de Provinsje Fryslân in wetlike taak hat as it giet om it fieren fan belied op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. Fierders moat der sprake wêze fan in mienskiplike ferantwurding fan it Ryk en de Provinsje tegearre, om’t it Ryk de ûndertekener is fan sawol it Europeesk Hânfêst foar regionale en minderheidstalen en it Kaderferdrach foar de beskerming fan nasjonale minderheden.

Wat artikel 21, §2 oanbelanget: hjir wurdt sein dat de leden fan de “Raad voor de Friese taal” (wat fansels ‘Rie foar de Fryske taal’ wêze moat) op foardracht fan it ministearje beneamd wurde. Hjir bin ik it hielendal net mei iens: de leden moatte eins op foardracht fan Deputearre Steaten fan de Provinsje Fryslân beneamd wurde. Dizze minsken sitte tichter op ‘e sitewaasje as it ministearje yn De Haach en kinne harren ûnderfining mei de Fryske taal en kultuer meinimme yn de diskusje oer boppesteande Rie.

Noch in oar punt: yn artikel 5, §2 stiet “kunnen deze bestuursorganen”. Dit soe eins “moeten deze bestuursorganen” wêze moatte. Fierder haw ik lêzen dat de formulearring fan it konseptfoarstel swakker is as de “Algemene wet bestuursrecht” as it giet om it mûnling brûken fan it Frysk yn gearkomsten fan publike organen. De “Wet gebrûk Fryske taal” moat ditoangeande net efterútbuorkje.

Hjir woe ik it earst mar by litte. In protte lok tawinske mei dizze wet en ik hoop dat jo wat goeds foar de Fryske taal en kultuer dogge mei de opmerkings dy’t jo fan Fryslân út binnen krigen hawwe.

Mei freonlike groetnis,
Jochum Meester